Nationaal Songfestival 2005:
Meänder - "Tusken skimer en ljocht"
Tusken skimer en ljocht
Hjir yn 'e greide, fiel ik de ierde
Tusken skimer en ljocht
Op 'e grins, tusken de nacht en de dei
Links is it noarden, rjochts is it suden
En achter de kym raast it ljocht
Om 'e romte yn my
Om 'e romte yn my
Yn reade flewielen loften
Sjoch ik slachskippen fan wolken
Dy't dinderje, troch de wyn en 'e tiid
Nea sil de sinne, de moanne tesinge
De ein is iepen yn in ûneinige striid
De ein is iepen yn in ûneinige striid
Nim myn hêrt, nim myn hân
Nim myn siel, myn ferstân
Nim myn stim en myn liet
Nim myn winst en myn striid
Wiid bin' de fjilden, wiid bin' de loften
Brekber de bylden yn de eagen
Fan wa't Nei my sjocht
Fan wa't Nei my sjocht
Hoe lyts is myn libben, hoe lyts is myn finster
Hoe lyts is de romte foаr de tinzen
Tusken skimer en ljocht
Tusken ѕkimer en ljocht
Artist | Meänder |
Title | Tusken skimer en ljocht |
Songwriters | Douwe Bouma, Wiebe van der Mei |
Language | Frisian |